De leafde fan de oare helte

“De leafde fan de oare helte” (In saaklike affêre)

Rezjy: Remco Klop / Skriuwer: Alan Ayckbourn / Oersetter: Baukje Stavinga

Bob hat in slûperke makke mei Fiona, de frou fan syn baas. As harren echtgenoaten Frank en Teresa nitelige fragen stelle,
betinke se gau in aliby. Beide aliby’s lykje te wurkjen. Mar as bliken docht dat se net hielendal wetterticht binne, stapelje de problemen op.
In tredde stel dat foar beide aliby’s brûkt wurdt, driget slachtoffer te wurden fan alles. En dan is it: rêde wat der noch te rêden falt…
De leafde fan de oare helte is in geastige relaasjekomeedzje, wêryn’t de perikelen fan trije echtpearen op in orizjinele manier mongen wurde.

Jim wurde fan herte útnoege om te sjen hoe’t dit ôfrinne sil op ien fan ús útfieringsjûnen.

Saterdei   19 jannewaris 2013                Premjêrejûn mei Muzyk
Freed      25 jannewaris 2013
Saterdei  26 jannewaris 2013
Freed       1 febrewaris 2013
Saterdei   2 febrewaris 2013                   Mei muzyk
Saterdei   9 febrewaris 2013                   Mei muzyk

Reacties gesloten