Lysistrata

“LYSISTRATA” (De froulje stake)

Punten fan it STAF: 243

Rezjy: Nynke Talsma / Bewurking: Hans Brans / Oersetting: Lolkje Hoekstra en Hans Brans

“It is al jierren oarloch tusken de twa wichtichste stêden fan Grikelân: Athene en Sparta. Alle jonge manlju binne oan it front en it jild giet op oan de oarloch. As Lysistrata, in oarlogswiddo, sjocht dat har dochter fereale wurden is op in soldaat, fynt se it heech tiid foar de frede. Omdat it de manlju al jierren net slagge is om ta frede te kommen, fynt Lysistrata dat de froulju no oan set binne. Se hellet de Atheense en Spartaanse froulju oer om harren machtichste wapen yn te setten om de manlju ta frede te twingen. Se moatte harren ûnthâlde fan….. earst frede dan pas frije, de froulju stake! Dizze staking liedt ta in oarloch tusken de froulju en de manlju mei de frede as ynset. De oerfallen manlju komme hjirtroch yn komyske en nuodlike situaasjes te lâne”.

De spyldata fan LYSISTRATA binne:

Saterdei 8 maart 2014 (premjêre)
Freed 14 maart 2014
Saterdei 15 maart 2014
Saterdei 22 maart 2014
De beide lêste jûnen is der ek muzyk

Reacties gesloten