Nij Begjin Nijs – Desimber 2016

Yn septimber binne wy wer fan start gien mei in nij stik. Dit jier begûn gelokkich wat rustiger as foarich jier. No gjin regisseur dy ôfhekke en ek de spilers hienen wy aardich snel by elkoar. Heerlijk om sa te begjinnen! Wy ha wer in entûsjaste ploech spilers. Der wurd flink repetearre, dus al wer folop aksje!

It stik wat dit jier spile wurdt is ‘Set mar op ‘e rekken’. Dit is in blijspul skrean troch Jan van Blokland en yn it Frysk oersetten troch Siep Jorna. De rezjy is wer yn hannen fan Anne Nicolai.

In koarte gearfetting fan it stik: “Saken binne saken! En fan lienen is noch noait ien ryk wurden”. Dat seit Benny, de eigner fan in doch-it-sels-saak. Hy is dan wol net yn syn winkel, mar ek tidens syn fakânsje giet de hannel gewoan troch. Wat net daliks ôfrekkene wurde kin, set er wol op ‘e rekken. Allegearre sûnder BTW, dus swart. Mar de fijân slept net en al gau komt de belestingynspecteur op de camping en dy sil it wol even útsykje en ôfhannelje. Hy nimt syn freondinne mei en siket in plakje út op de camping. Hy krijt hiel wat te stellen mei syn freondinne en mei syn direkte sjef, dy’t ek opdraven komt. Oan ‘e ein fan it stik wurdt der ôfrekkene…..

Koartsein in stik wêr’t hiel wat yn bard! Wy sjogge jim dan ek graach by ien fan ús útfieringen.

De útfieringsdatums op in rychje:

Sneon 25 febrewaris, premjêre Freed 3 maart Sneon 4 maart Sneon 11 maart

Yn septimber hawwe de jiergearkomste hân en hjir is Tineke Dijkstra as nij lid fan it bestjoer keazen. Wy ha ôfskie nommen fan Baukje Boonstra. Baukje had fiif jier mei in soart enthûsjasme en belutsenens yn it bestjoer sitten. Ek ha we ôfskie nommen fan Rokeya Brink.

Wy ha de foarige keer al sein dat wy drok dwaande binne mei ûs jubileum yn 2018. Wy komme steeds wat fierder, mar der mat noch wol wat gebeure. Gelokkich is it noch gjin 2018! Mar foardat it sa fier is kenne wy noch in soart minsken brûke. Der is foar elk wol wat te dwaan. Liket it jo aardich om te helpen stjoer dan in mail nei nijbegjin@gmail.com.

Ut namme fan toanielselskip Nij Begjin winskje wy jimme al fêst goeie Krystdagen ta, in feilich útein en in goed 2017. Op nei in nij en goed toanieljier!

Bestjoer “Nij Begjin”

Boekenlegger op de permalink.

Reacties gesloten