Spitigernôch ha wy fiersten te gau ôfskied nimme moatten fan ús bestjoerslid en gelûd man Wiebe Schievink. Wiebe hat in pear jier as lid yn ús bestjoer sitten en derneist soarge hy foar it gelûd tiidens de útfieringen. Wy binne tankber foar alles wat hy foar ús toaniel betsjut hat, syn optimisme en entûsjasme geane we missen. Wy winskje Willeke, de bern en de fjirdere famylje in protte sterkte mei dit grutte ferlies.
Kafee Mei-inoar
Sa as alle jierren geane wy nei de simmerfekânsje wer los mei de repetysjes. Dit jier ha wy Marit Bamboe as regisseur en sy sil dit jier mei ús it stik “Kafee Mei-inoar” op ‘e planken sette, it stik is basearre op it stik Cafe Noir, mar Marit hat hjir tegearre mei de spilers in eigen draai oan jûn wat soarget foar in komeedzje mei in serieuze ûndertoan en ferrassende eleminten. Koartom in stik om nei út te sjen!
De repetysjes geane oant no ta sa best as wat, en dit moat fansels ek wol want wy spylje dit jier wer yn jannewaris/febrewaris sa at jim it fan ús went binne! De kaartferkeap is al los en jo kinne kaarten bestelle!
Dus hâld de aginda mar fêst frij, de data wêr op wy spylje binne:
Sneon 25 jannewaris (premjêre)
Freed 31 jannewaris
Sneon 1 febrewaris
Sneon 8 febrewaris
alle jûnen om 20.00 oere yn it doarpshûs Op ‘e Jister te Nijegea.
Wy binne yn septimber begûn mei de jiergearkomste fansels ha wy dan ek altyd in bestjoerswiksel. Margriet har tiid by it bestjoer siet der al wer op. Spitigernôch is it ús net slagge om in nije foarsitter fine te kinnen. Dochs wolle wy Margriet betanke foar har ynset! Gelokkich kinne wy op de eftergrûn har altyd noch raadplege mocht dit nedich wêze. Wy ha sawol Mieke Biesma as Hendrik Hoekstra ree fûn om as lid yn ús bestjoer plak te nimmen. Tegearre mei Aukje, Durkje en Hotske sille wy besykje om alle saken goed regelje te kinnen. Ik sit der net oer yn dat dit net slagje sil.
Toanielselskip Nij Begjin winsket eltsenien hiele noflike krystdagen in en sûn en lokkich 2025