Jongerein toaniel

Foarich jier binne wy foar it earst fan start gien mei in jongereinploech. En wat foar in ploech! Ûnder lieding fan Folkert Wesseling ha hja in prachtich stik delsetten. ‘5%Lov’ is bewurke en regisearje troch Folkert.

Earst ha de jongerein trije ‘spellessen’ hân en doe binne hja begûn mei repetearjen foar in ‘wier’ stik. Folkert hie in stik skreaun, ‘5%Lov’, wat hiel moai oanslûte by de jongerein en wat der op dit stuit spilet by de jongerein. Wy hienen 8 jongerein by elkoar en wat in geweldich moaie ploech wie dit. Hja wienen entûsjast en hiel leergierig. Wat ek moai wie, wie dat de leeftiden fariearden fan 10 jier oant en mei 17 jier. Ek bysûnder wie dat twa jongemannen, Arjen Biesma en Sietse Jeeninga Jr. it ljocht en lûd dwaan woenen. Allegearre sokke moaie jonge minsken.

Hja bin ek folop yn de media west. Yn febrewaris 2019 wienen hja te sjen yn it programma ‘Noarderwyn live’ mei Willem de Vries op Omrop Fryslân. In prachtich stikje om te sjen. De dei efter ‘Noarderwyn live’ wienen Folkert en Meintsje te hearren op de radio yn ‘Op en Ut’. Ek dit wie wer in moai stikje promoasje. En ek de kranten hienen it oer de toaniel yn Nyegea, faaks mei in foto der by.

De ploech is hiel hecht wurden. Wy kinne dan ek fol trots sizze dat de hiele ploech kommend jier wer meidocht ûnder lieding fan Folkert en Rokeya Brink (rezjy assistent). En der binne ek noch trije entûsjaste nije spilers by kaam. Hja bin al yn juny begûn en ha oant ymprovisearjen west en der is in stik út kaam wat Folkert bewurke hat, ‘Wat binne wy moai fuort net?’. De útfieringen binne yn jannewaris 2020. Binnenkoart mear ynformaasje hjir oer!

Posts created 18

Gerelateerde berichten

Type je zoekwoorden hierboven en druk op Enter om te zoeken. Druk ESC om te annuleren.

Terug naar boven