Kaartferkeap giet los op 1 novimber!

Noch efkes geduld en dan is it safier, de kaartferkeap dy ’t los giet! Foar it earst dat dit online sil gean. Op freed 1 novimber fan 11 oere ôf giet de kaartferkeap los op ús webside. Hjir kinne foar sawol it jongereinstik ‘Wat binne wy moai fuort net’ en ‘Neat te ferbergjen’ kaarten besteld wurde.

De útfieringsdata foar ‘Wat binne wy moai fuort net’ binne 11, 17 en 18 jannewaris. De data foar ‘Neat te ferbergjen’ binne 1, 7, 8 en 22 febrewaris. De kaarten sitte per foarstelling op €10,- per stik. Foar jongerein ûnder de 16 jier is it € 5,- per stik en boppe de 16 jier kin der in passe-partout oanskaft wurde foar beide stikken foar €17,50.

Posts created 18

Gerelateerde berichten

Type je zoekwoorden hierboven en druk op Enter om te zoeken. Druk ESC om te annuleren.

Terug naar boven