“Kom, wy dogge in spul.”
“Kom op, lis allegearre jim telefoans op tafel. Mei itskerm nei boppe. Hjir sit alles yn. It is de swarte doazefan ús libben.”
“Hoefolle stellen soene der út elkoar gean, as se ynelkoars telefoan sjen soene?”
“As der fan ‘e jûn wat binnenkomt… SMS, WhatsApp, telefoantsjes, mailtsjes wat dan ek, dan diele wy dat mei elkoar. Wy lêze it foar, of sette ‘m op de speaker. Kom op, wy hawwe dochs gjin geheimen foar elkoar?”
Sân goede freonen (trije stellen en ien allinne) hawweôfpraat foar in itentsje. It is de jûn fan de eklips, de moanneferstjustering.
Hja beslute by wize fan spul om har mobile telefoansûnder it iten op tafel te lizzen en elk berjocht (sms, app, e-mail) en elk telefoantsje dat binnen komt fuortendalikmeiïnoar te dielen, om te bewizen dat se neat foarelkoar te ferbergjen hawwe. Wat fierder as de jûnfoarderet wat mear geheimen der oan it ljocht brochtwurde. It docht bliken dat de freonen minder fan elkoarwisten as hja ynearsten tochten…