Rezjy: Anne Nicolai / Skriuwer: Luuk Hoedemaekers / Oersetting: Betty Schildstra
It stik wat dit jier spile wurdt is ‘De Godmother”. Dit is in romantyske maffiaklucht. Om it verhaal kompleet te meitsjen dogge der wer in hiel soort enthousiaste spilers mei.
It ferhaal spilet him ôf yn dizze tiid, earne yn in lanlike gemeente yn de wenkeamer fan it lânhûs fan de famylje Carleani. Nei de dea fan Marino Carleani hat syn widdo de lieding fan de maffiafamylje. Oer har opfolging doart hja net te tinken want har soan is net de tûkste. Mar dan komt der in útstel om in ferstânshoulik plak fine te litten tusken Sonny Carleani en Isabella Rupo, iennige dochter en erfgename fan in konkurrearjende maffiafamylje. Dat is net hielendal nei de sin fan Sonny, want hy hie oare plannen. Dit en nochal wat oare wittensweardichheden soargje der foar dat der hiel wat yn it hûndert rint.