It stik wat dit jier spile wurdt is ‘Set mar op ‘e rekken’. Dit is in blijspul skrean troch Jan van Blokland en yn it Frysk oersetten troch Siep Jorna. De rezjy is wer yn hannen fan Anne Nicolai.
In koarte gearfetting fan it stik: “Saken binne saken! En fan lienen is noch noait ien ryk wurden”. Dat seit Benny, de eigner fan in doch-it-sels-saak. Hy is dan wol net yn syn winkel, mar ek tidens syn fakânsje giet de hannel gewoan troch. Wat net daliks ôfrekkene wurde kin, set er wol op ‘e rekken. Allegearre sûnder BTW, dus swart. Mar de fijân slept net en al gau komt de belestingynspecteur op de camping en dy sil it wol even útsykje en ôfhannelje. Hy nimt syn freondinne mei en siket in plakje út op de camping. Hy krijt hiel wat te stellen mei syn freondinne en mei syn direkte sjef, dy’t ek opdraven komt. Oan ‘e ein fan it stik wurdt der ôfrekkene…..
Koartsein in stik wêr’t hiel wat yn bard! Wy sjogge jim dan ek graach by ien fan ús útfieringen.