Earst spilet de jopngerein fan Nyegea in ienakter en dernei spilet Nij Begjin harren ienakter. It wurd in jûn fol teater!
De jongerein fan Nyegea spylje ‘5%Lov’. Dit stik spilet him ôf yn de keet It Jisterke. It is hartstikke gesellich mar dan feroaret de sfeer. Komt it wol goed?
‘In lokkige jierdei?’ giet oer de jierdei fan Gryt. Mar as de famylje in dei te betiid op besite komt, is dat dan wol foar har jierdei of is der wat oars oan ‘e hân?
It stik ‘5%Lov’ is ûnder rezjy fan Folkert Wesseling. ‘In lokkige jierdei?’ is skreaun troch Hugo Renaerts en oersetten troch Hinke Wolthuizen. Hendrik van der Heide hat de rezjy.