Bestel hjir jo kaarten!

Foar sawol it stik 'Wat binne wy moai fuort net' op 11, 17 & 18 jannewaris spile fan it jongereintoaniel as it stik 'Neat te ferbergjen' spile op 1, 7, 8 & 22 febrewaris kinne jo online kaarten bestelle.

Kaarten bestelle

BREAKING! Premjêre giet NET troch!

Yn ferbân mei waarsomstannichheden giet de premjêre jûn NET troch. De útfiering wurdt ferpleatst nei kommende woansdei 6 juni. De oanfangstiid en lokaasje bliuwe itselfde. Oant woansdei de 6e.

Tink om jo rûte oansteande freed

Foar it publyk dat mei de premjêre op 1 juny nei Nyegea komt advisearje wy om foarôf goed de rûte te kontrolearje. Dit omdat de Waldwei (N31) fanôf freedtejûn 1 juny oant sneontemoarn 2 juny troch weiwurksumheden sletten is. It advys is om in alternative rûte te brûken.

Wy binne der omtrint klear foar!

Hjoed is de technyk pleatst neidat ôfrûne sneon de tribunes boud binne. Dizze wike noch in oantal rippetysjes en in generale foardat o.s. freed de premjêre fan ‘Boartsje mei fjoer’ plakfynt! Wolle jo hjir ek by oanwêzich syn? Der binne noch in tal kaarten beskikber! Fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31(tusken 19.00 en 21.00u in […]

De kaartferkeap is fan start!

De útfieringen komme tichterby. Oer in lytse 2 moannen stean wy al op de planken mei ‘Boartsje mei fjoer’! Wolle jo hjir ek by wêze? Fanôf jûn start de kaartferkeap! Fia tillefoannûmer 06 10 77 04 31 (tusken 19.00 en 21.00u yn de jûn) kinne jo jo kaarten bestelle. Wy sjogge jo graach op 1, 2, 8 of 9 juny yn Nyegea.

Spesjale jûn 100 jier T.S. Nij Begjin

Yn it ramt fan dit 100 jierrich jubileum fan Nij Begjin hawwe in film fan likernôch in oere makke. In ôfwikseling fan hichtepunten, spesjale en bysûndere mominten en byldmateriaal fan alle tiden. Ek wurdt dizze jûn in ienakter útfiert. Dizze ienakter hjit “Belje Dokter” en draait om it bestjoer fan in toanielferiening dy’t in gearkomste […]

‘Boartsje mei fjoer’ is ús nije stik

T.S. Nij Begjin docht it dit jier oars as oars. Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd spylje wy dit jier it stik ‘Boartsje mei fjoer’. It stik wurdt op lokaasje spile, wat it oan de ene kant al oars makket. It is skreaun troch Hein Westerhof en de rezjy is yn hannen fan Tineke […]

Kaarten foar it stik yn juny te researverjen fanôf juny

It is noch gjin juny mar de tariedings binne al útein set. De foarferkeap fan kaarten foar de útfieringen yn juny sille op moandei 16 april oansteande útein sette by Femke de Boer. De kaarten kinne fanôf 16 april reservearre wurde fia till. nr.: 06 11 29 04 88 tusken 19.00 en 21.00 oere jûns.

Type je zoekwoorden hierboven en druk op Enter om te zoeken. Druk ESC om te annuleren.

Terug naar boven