Stimme jo as Rabobank lid ek op T.S. Nij Begjin?

Eltse stipe is wolkom, derom docht T.S. Nij Begjin ek dit jier mei oan de Rabobank Clubkascampagne! Binne jo lid fan de Rabobank en drage jo ús as toanielferiening in warm hert ta? Dan ûntfange wy graach ien fan jo stimmen. Stimme kin oant 25 oktober.

Utdaagjende ‘Neat te ferbergjen’ is enerzjyk.

‘De komyske Italjaanske film Perfetti Sconosciuti út 2016 fan regisseur Paolo Genovese hat de jonge Fryske regisseur Tsjerk Bottema ynspirearre om der in Fryske toanielbewurking fan te meitsjen. En dy mei der wêze. It skript is gaadlik foar in foarstelling mei ynhâld en útdaagjend spylnivo. De humor yn wrange situaasjes docht yn Nyegea wat mei […]

De premjêre 11 jannewaris giet net troch!

Goeiejûn, Fanwege sykte fan ien fan de spilers wurdt de foarstelling fan moarn 11 jannewaris ferpleatst nei sneintemiddei 19 jannewaris om 16.00 oere. Jo kaarten wurde automatysk oerboekt nei disse datum en jo hoeche fjirder neat te dwaan. Kinne jo net, mail dan it folgjende nei nijbegjin@gmail.com: jo namme, mailadres, ordernûmer en de ticketnûmers (stiet […]

Frijkaarten

Binne jo in stiper of ha jo op in oare manier in bydrage oan ien fan de stikken joun en ha jo in frijkaart krygen? Mail dan efkes nei nijbegjin@gmail.com. Dan wurdt dit foar jo regele.

Kaarten bestelle

Foar sawol it stik ‘Wat binne wy moai fuort net’ as foar ‘Neat te ferbergjen’ kinne jo online kaarten bestelle. Dit kin fia de link op de home side. Folwoeksenen kinne in passe-partout bestelle foar beide stikken. Dan kostet in noch mar €17,50 yn plak fan €20,-. Dit wurd automatysk ferrekene by it ôfrekkenjen at […]

Kaartferkeap giet los op 1 novimber!

Noch efkes geduld en dan is it safier, de kaartferkeap dy ’t los giet! Foar it earst dat dit online sil gean. Op freed 1 novimber fan 11 oere ôf giet de kaartferkeap los op ús webside. Hjir kinne foar sawol it jongereinstik ‘Wat binne wy moai fuort net’ en ‘Neat te ferbergjen’ kaarten besteld […]

Jongerein toaniel

Foarich jier binne wy foar it earst fan start gien mei in jongereinploech. En wat foar in ploech! Ûnder lieding fan Folkert Wesseling ha hja in prachtich stik delsetten. ‘5%Lov’ is bewurke en regisearje troch Folkert. Earst ha de jongerein trije ‘spellessen’ hân en doe binne hja begûn mei repetearjen foar in ‘wier’ stik. Folkert […]

Update: Spiler is foun! Manlike spiler socht!

Wy sykje noch in manlike spiler tusken de 35 – 55 jier, dy’t beskikber is foar repetysjes op de tiisdei– en tongersdeitejûns, en rjochting de foarstelling ek sa no en dan op de sneons. Foarstellings binne op 1, 7, 8, 21 en 22 febrewaris yn Doarpshûs Op ‘e Jister yn Nijega.   Bist do of wist do immen dy ’t wy sykje? Stojar dan in mail nei nijbegjin@gmail.com.

TS Nij Begjin Nijegea spilet yn seizoen 2019/2020 “Neat te ferbergjen”

“Kom, wy dogge in spul.” “Kom op, lis allegearre jim telefoans op tafel. Mei itskerm nei boppe. Hjir sit alles yn. It is de swarte doazefan ús libben.” “Hoefolle stellen soene der út elkoar gean, as se ynelkoars telefoan sjen soene?” “As der fan ‘e jûn wat binnenkomt… SMS, WhatsApp, telefoantsjes, mailtsjes wat dan ek, dan diele wy dat mei elkoar. Wy lêze it foar, of sette ‘m op de speaker. Kom op, wy hawwe dochs gjin geheimen foar elkoar?” Sân goede freonen (trije stellen en ien allinne) hawweôfpraat foar in itentsje. It is de jûn fan de eklips, de moanneferstjustering.  Hja beslute by wize fan spul om har mobile telefoansûnder it iten op tafel te lizzen en elk berjocht (sms, app, e-mail) en elk telefoantsje dat binnen komt fuortendalikmeiïnoar te dielen, om te bewizen dat se neat foarelkoar te ferbergjen hawwe. Wat […]

It sit derop!

Tige tank foar jimme komst nei de útfieringen. It wie foar alle spilers leuk om ek dit seizoen wer op de planken te stean. Wy sjugge jimme graach folgjend toanielseizoen wer yn Nyegea!

Type je zoekwoorden hierboven en druk op Enter om te zoeken. Druk ESC om te annuleren.

Terug naar boven