Spesjale jûn 100 jier T.S. Nij Begjin

Yn it ramt fan dit 100 jierrich jubileum fan Nij Begjin hawwe in film fan likernôch in oere makke. In ôfwikseling fan hichtepunten, spesjale en bysûndere mominten en byldmateriaal fan alle tiden.

Ek wurdt dizze jûn in ienakter útfiert. Dizze ienakter hjit “Belje Dokter” en draait om it bestjoer fan in toanielferiening dy’t in gearkomste hat as tarieding op it jubileumjier fan de feriening. Hoe tapaslik wolle jo it hawwe? It bestjoer bestiet út allegear ferskate karakters en der spylje allerhande saken trochhinne dy’t jo ek ferwachtsje kinne by in bestjoer fan in toanielferiening fan in lyts doarp. Hjir en dêr hawwe dit stik in bytsje oanpast oan de situaasje fan ús eigen feriening.

Dizze jûn is op saterdei 10 febrewaris 2018 om 20.00 oere yn doarpshûs Op ’e Jister te Nyegea. De yntree is €5,-.

Graach sjogge wy jo dan, mar wês op tiid want fol is fol.

‘Boartsje mei fjoer’ is ús nije stik

T.S. Nij Begjin docht it dit jier oars as oars. Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd spylje wy dit jier it stik ‘Boartsje mei fjoer’. It stik wurdt op lokaasje spile, wat it oan de ene kant al oars makket. It is skreaun troch Hein Westerhof en de rezjy is yn hannen fan Tineke Broers.

‘Boartsje mei floer’ giet oer in dûbele moord dy ’t plak fûn hat yn it jier 1867 oan de Hegewei yn Nyegea. In stik basearre op in gebeurtenis wat bart is yn ús eigen doarp.

De foarferkeap fan kaarten foar de útfieringen yn juny sil op moandei 16 april oansteande útein sette by Femke de Boer. De kaarten kinne fanôf 16 april reservearre wurde fia till. nr.: 06 10 77 04 31 tusken 19.00 en 21.00 oere jûns.