Liolà

Liolà      

Liolà hat 231 punten oplevere!

Rezjy: Nynke Talsma / Skriuwer: Luigi Pirandello / Oersetting: Metsje Gerlsma en Gerrit Siegersma

Omke Simone is in âlde rike heareboer út in lyts doarp op Sisilie, oan it begjin fan de foarige ieu. Omke syn earste frou hat him gjin bern neilitten. Om’t hy syn guod neilitte wol oan in neikommer, troud er mei Mita, in jong en earm weesfamke. As ek dat houlik sûnder bern bliuwt hat dat grutte gefolgen foar it humeur fan Omke Simone, foar it houlik, en foar de sfear yn it doarp.

Gelokkich is dêr Liolà, de jeugdleafde fan Mita. Liolà is in fleurige pierewaaier, in frije fûgel, dy’t gek is fan froulju (alle froulju ûnder de tritich jier). En alle froulju binne gek mei Liola. Wêr Liolà komt, komt wille.

It stik begjint yn ‘e tiid fan’e rispinge, by de pleats fan de nicht fan omke Simone, muoike Croce en har dochter Tuzza. Mem en dochter fine it tige spitich dat it jild fan harren rike omke net yn ‘e famylje bliuwe kin. En dochter Tuzza hat noch in reden om oergeunstich te wêzen op Mita: hat dy ek noch in fleurige minner? Dus no hat Tuzza wat úthelle…. Mar yn in doarp bliuwt noait wat lang geheim. Elts tinkt der sines fan…

De spyldata fan Liolà binne:

Saterdei          7 maart 2015            Premjêrejûn

Freed              13 maart 2015

Saterdei         14 maart 2015           Mei muzyk

Saterdei         21 maart 2015           Mei muzyk

Snein             22 maart 2015           Matinee mei muzyk

 

Alle jûnen begjinne om:                20.00 oere

De matinee begjint om:                16.00 oere

Yntree:      sûnder muzyk:             €8,=

                 mei muzyk:                  €10,=

 

Kaarten kinne reservearre wurde by:

Femke de Boer, tillefoannûmer:   06 – 11 29 04 88

Allinne tusken:  11.00 en 12.00 oere moarns en 19.00 en 21.00 oere jûns!

Reacties gesloten