Rezjy: Tineke Broers / Skriuwer: Hein Westerhof / Bewurking: Tineke Broers en Hein Westerhof
T.S. Nij Begjin docht it dit jier oars as oars. Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd spylje wy dit jier it stik ‘Boartsje mei fjoer’. It stik wurdt op lokaasje spile, wat it oan de ene kant al oars makket. It is skreaun troch Hein Westerhof en de rezjy is yn hannen fan Tineke Broers.
‘Boartsje mei floer’ giet oer in dûbele moord dy ’t plak fûn hat yn it jier 1867 oan de Hegewei yn Nyegea. In stik basearre op in gebeurtenis wat bart is yn ús eigen doarp.