Histoarje

Toanielselskip Nij Begjin waard oprjochte yn 1918 as Winterjûne nocht en gie ûnder die namme troch oant yn ‘e twadde wrâld kriich
doe ‘t de Dútsers al ditsoarte aktiviteiten ferbearen. Fan die earste tiid is net hiel folle bekend. Nei de oarloch wurde de saak wer oppakt,
in nij begjin dat sadwaande. It nije selskip stribbe der nei om twaris yn it jier in jûn fan “lering en vermaak” te bringen en slagge der mei,
troch de driuwende kreft fan in tal doarpsgenoaten ek tige yn.

Lykwols de televyzje goaide yn de jierren sechstich roet yn it iten, spilers wine minder te rissen en ek it folk bliuw leaver thús foar de buis.
Sa kaam it dat der noch mar ien jûn oerbliuw en dat spilers en regisseur der hieltiid minder yn slaggen om it sealtsje fol te krijen.

Mar in tal jonge spilers (it toaniel wie der by harren yn leppele) sette de skouders der ûnder sochten der wat nije spilers by, in knap stik en it koe heve.
Mar healwei de rippetysje perioade krewearre it net te bot mei de regisseur, de man hie dit mei nocht al jierren (en nochris jierren) dien mar hie neat
fernijens mear en de ienichste oanwizings dy er de spilers mei-joech wie dat se yn claus seis de wurden omdraait hiene en yn acht in wurd oerslein hiene.
Op in jûn baste de bom en de man rekke nei hûs. Der waard in nije (echte) regisseur socht en fûn yn de persoan fan Luciano Harms, en dat soe it begjin
wurde fan in hechte ploech minsken dy’t ynienen mei hiel oar, fernijend toaniel oan de slach gienen ûnder it motto fan Luciano, Als je in jezelf geloofd zal het lukken!

En wer as it oan lei wit ik eins net mear, mar de kriich kaam der wer yn, it publyk wie der wer de boppeseal rûn wer fol.
Om de twa –trije jier in nije regisseur net om’t de oare net foldie, mar we krigen yn de gaten dat we fan eltsenien wer wat mear (en nijs) learden.
Mar as jo wat hegerop wolle moat der ek ark wêze, dat der moast in ljochtynstallaasje komme en dat falt net ta as der winliken gjin jild is. Mar gjin noed,
ien fan de spilers wie techneut by flips en hy tipele yn syn frije tiid in ljochtynstallaasje mei in heuse dimmer mei fiif útgongen ynmekoar en doe der praat
wurde oer in nije lûdsynstallaasje barde it dat der immen yn it bestoer kaam dy ‘t krekt foar himsels begûn wie mei de ferhier en ferkeap fan lûdsdragers.

Hawar Nij Begjin groeide, ien jûn waard twa jûnen en twa fjouwer. Foarstellings mei film, op lokaasje, bûtendoar, earnst, koartswyl, fan alles doarre we oan
mei as útgongspunt safolle mooglik yn eigen behear (klaaiïng,dekor ljocht/lûd) mar wol advizen fan guon minsken die it witte kinne,mar altyd ús eigen
produksje wer we sels de finger oan de pols hâlde kinne.

Dat is de kreft fan Nij Begjin, en Nij begjin soe Nij Begjin net wêze as it net slagje soe.

Reacties gesloten