4 & 11 maart binne útferkocht!

We ha goed nijs! De útfieringen op 4 en 11 maart binne útferkocht! Foar de oare data binnen noch wol kaarten beskikber. Bestel jo kaarten snel om it spektakel op ‘e camping net te missen. Kaarten kinne jo tillefoanysk bestellen by Femke de Boer op tillefoan nr.: 06 11 29 04 88, tusken 19.00 en 21.00 oere jûns.

 

Yn Doarpshûs Op ‘e Jister te Nyegea begjinne de útfieringen om 20.00 oere jûns.

Noch in dikke moanne tot de première

De première fan Set mar op ‘e rekken komt hieltiid tichterby, namelijk al op sneon 25 febrewaris!
Derneist binne der ek útfieringen op freed 3 maart, sneon 4 maart en sneon 11 maart.

Yn Doarpshûs Op ‘e Jister te Nyegea begjinne de útfieringen om 20.00 oere jûns.

Kaarten kinne jo tillefoanysk bestellen by Femke de Boer op tillefoan nr.: 06 11 29 04 88, tusken 19.00 en 21.00 oere jûns.

Stik De Godmother is ôfrûn

Nei dat juster de lêste útfiering fan De Godmother op de planken stie, kenne we werom sjen op in oantal suksesfolle útfieringen! Tige tank oan it publyk! Mar fansels ek de spilers en de oare ‘crew’ leden net te ferjitten! Wy hoapje dat jim in noflike jûn út hawn hawwe by ien fan de útfieringen.

Bliuw de Facbook side, Twitter of dizze webside folgjen om op ‘e hichte te bliuwen.

Graach oant takom jier!

Ekstra jûn giet net troch!

It spyt ús tige, mar by dizze melde wy jim dat de ekstra útfiering fan freed 18 maart a.s. net troch giet.
Dit yn ferbân mei in te leech tal opjeften fan ynteressearre gasten. It leafst hiene we spile, mar dan wolle wy dit wol foar in moai fulde seal dwaan.

Uteraard binne jim takom jier fan herte wolkom as der in nij stik op ‘ e planken komt.

Wy hoopje foar jim begryp en graach oant sjen!

Extra jûn! Freed 18 maart

Troch de grutte belangstelling foar it stik De Godmother is der besletten om op freed 18 maart in extra útfiering fan De Godmother te hâlden.
It stik begint om 20.00 oere en wurd opfiert yn Doarpshûs Op é Jister yn Nyegea. Jo kenne oerdei kaarten bestelle per mail fia nijbegjin@gmail.com.
Yn de jûntiiden ken dat ek tillefoanysk tusken 19.00 en 21.00 oere by Femke de Boer op till.nr. 06 11 29 04 88.

Kaarten bestelle

Foar de útfieringen fan 5, 11, 12 en 19 maart binne noch kaarten beskikber.
Dizze kenne jo tillefoanysk bestelle by Femke de Boer op till.nr. 06 11 29 04 88 tusken 19.00 en 21.00 oere jûns.

Oar stik en in oare regisseur

Wy binne yn septimber fan start gien mei in nije regisseur en in nij stik. De rollen wiene ferdield en de repetysjes soenen los. Doe luts de regisseur harren fanwege privé omstannichheden werom. No moasten wy rap op syk nei in oare regisseur en dat is slagge!

It stik wat dit jier spile wurdt is ‘De Godmother”. Dit is in romantyske maffiaklucht skrean troch Luuk Hoedemaekers en yn it Frysk oersetten troch Betty Schildstra. De rezjy is yn hannen fan Onne Nicolai. Om it verhaal kompleet te meitsjen dogge der wer in hiel soort enthousiaste spilers mei.

Ûndersteande data kenne jim alfeast yn jim aginda notearje:
Saterdei 5 maart 2016, premjêre
Freed 11 maart 2016
Saterdei 12 maart 2016, muzyk nei
Saterdei 19 maart 2016, muzyk nei

De oanfang fan it stik is 20.00 oere yn Doarpshûs Op ‘ e Jister yn Nyegea.

Wy ha in nije regisseur en in stik foar kommend seizoen!

Einlings nei lang wachtsje kinne wy in oantal saken bekend meitsje! Wy hawwe in nije regisseuse fûn yn de persoan fan Afke Toren. Afke giet tegearre mei de ploech it stik Sykje om Suske op de planken sette. Dit is in mearke skreaun troch Hans Brans. It is in foarstelling far jong en âld mei in protte humor en fantasy. Dream en wurklikheid wikselje inoar ôf yn dit stik.