Oan de Strjitte fan Welgelegen wennet de keurige famylje Klaas en Aaltsje Berger, mei harren soan Hedzer. Neist de famylje Berger stiet in hûs al jierren leech en einliks sil der wat oan dien wurde. De klussers Syb en Sjon binne drok dwaande om it hûs op te knappen en klear te meitsjen foar ferhier. It hûs is poer geskikt foar in studint en sa komt Jelle de Vries neist de famylje Berger te wenjen. Al gau wurde Hedzer en Jelle bêste freonen. Mar hat dy studint wol sa’n goeie ynfloed op Hedzer? Hy hâldt wol fan in drankje en in hapke en lit Hedzer fan alles útprobearje.
Mar wat as dat drankje net mear deselde foldwaning jout as allinnich dronken wurde? Wat as je mei meistudinten omgeane dy’t wat oare middels nedich ha om “it gesellich te hâlden”?
En is it allegear wol sa leuk om op harsels te wenjen? Is it net ferrekte allinnich? Of is it in flecht foar alles wat je eins net fiele wolle en fuortdrukke wolle?
Dan is it tiid foar in “housewarming”. Jelle noadiget eltsenien út. Tidens dit feestje wurdt der riklik gebrûk makke fan allerhanne ferskillende middels en giet it der somtiden wyld oan ta. Mar ken de jeugd de grins wol? Of geane se fierstente fier en tinke se net nei oer de gefolgen?
Hoe’t dit ôfrint, sjogge jimme yn dizze swarte komeedzje, dy’t him ôfspilet yn it dekôr fan de jierren ’90, wêr’t tillefoantsjes en cd’s “upcoming” binne.
